Rûnom yn Fryslân oerlêst troch winterwaar

24 jan 2015 - 07:36
  • Auto fan dyk by Dronryp troch glêdens
  • Rûnwei Ljouwert yn de snie

Rûnom yn Fryslân soargen snie en izel sneontemoarn foar in soad oerlêst foar it ferkear. Der barden 13 iensidige ûngelokken troch de glêdens. Dêrby rekke net ien ferwûne.

By it ferkearsplein by De Jouwer rûn it ferkear fertraging op troch it minne waar. Provinsjale en rykswettersteat binne drok oan it struien en freegje automobilisten om harren de romte te jaan.

By De Rottefalle binne de bestjoerder en twa famkes troch omstanners en de helptsjinsten út in auto helle dy't troch de glêdens yn it wetter bedarre wie.

Ek it treinferkear hie lêst fan it winterwaar. Tusken Ljouwert en Grins en tusken Snits en Starum foelen treinen út troch sein- en wikselsteurings. Arriva liet de streekbussen fan 10 oere ôf ride.

Troch in technyske steuring wienen de sneltsjinsten fan Harns nei Skylge ferfallen. De sneltsjinst is fan 12.30 oere ôf wer yn de feart naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)