Keninklike ûnderskieding foar Wiep Boersma

23 jan 2015 - 20:49
  • Lintsje

De 73-jierrige Wiep Boersma út Ryptsjerk krige freedtejûn in keninklik lintsje opspjelde foar syn wurk as frijwilliger yn it doarp. Boersma krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Eric ter Keurs. De Ryptsjerkster wie jierrenlang sekretaris fan Doarpsbelang Ryptsjerk, joech dûnslessen yn it doarp om jild op te heljen foar in nij doarpshûs en is sûnt 2002 frijwilliger yn doarpshûs De Einekoer.

Boppedat is Boersma sûnt 2005 organist foar de protestânske gemeente en jout er kompjûterles oan âlderen út de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)