Red de Sionsberg wol mei crowdfunding in bernedokter regelje

23 jan 2015 - 20:10

Aksjegroep Red de Sionsberg komt mei in crowdfunding-aksje om dochs in bernedokter yn it sikehûs yn Dokkum te krijen. De aksjegroep is lilk om't der op dit stuit yn de plannen gjin romte is foar in berne-ôfdieling, wylst dat wol ôfsprutsen wie.

Grutste probleem is dat der jild op it kleed komme moat. It giet om in bedrach fan goed 80.000 euro. De aksjegroep tinkt dat mei mienskipsstipe wol byelkoar krije te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)