Denk fan GGZ set bril yn tsjin eangsten

Denk, ûnderdiel fan GGZ Fryslân, hat in metoade ûntwikkele om mei help fan in saneamde 'oculus-rift'-bril eangsten te behanneljen. Mei dizze metoade kinne pasjinten troch in bril real-life situaasjes neispylje. Dit hat in soad foardielen foar de pasjint.
De begelieder kin tafersjoch hâlde op de pasjint en de pasjint kin maklik út de situaasje stappe. Dit makket de stap om de konfrontaasje oan te gean mei eangsten, lykas pleinfrees en hichtefrees in stik lytser. Ek hat Denk in app ûntwikkele foar pasjinten om op de mobyl te oefenjen.