Priis foar De Splitting en Sint Paulusskoalle

23 jan 2015 - 17:15

De Splitting fan CSG Liudger út Drachten hat freed de Fryske ûnderwiispriis 2015 wûn. De skoalle krige de priis foar it projekt om medialessen te jaan oan âlderen. Yn it basisûnderwiis gong de priis nei de Sint Paulusskoalle yn Ljouwert. Dêr binne bern dwaande mei it projekt 'Koken op school', wêrby't bern sels oan de slach gean mei sûn en lekker iten.

De ûnderwiispriis waard útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries. Beide Fryske skoallen binne no noch yn de race foar de nasjonale ûnderwiispriis. Op 25 maart wurdt dy útslach bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)