Grypepidemy: 140 deade seehûnen oan Nederlânske kust

23 jan 2015 - 16:45
  • Seehûn

Oan de Nederlânske kust binne oant no ta 140 deade seehûnen fûn sûnt it begjin fan de grypfirusepidimy. It giet dan om gewoane seehûnen. De grize seehûnen lykje der gjin lêst fan te hawwen.

Oer it fierdere ferrin fan it seehûnefirus binne noch gjin konklúzjes te lûken. Wol liket de situaasje op it Dútske Waad wer normaal. Saakkundigen ferwachtsje dat tsien oant fyftjin prosint fan it tal gewoane seehûnen stjert troch it firus. Yn it Nederlânske part fan de Waadsee libje 10.000 gewoane seehûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)