Knegt en Breeuwsma ek wis fan EK-kwartfinale 500 meter

Shorttracker Daan Breeuwsma © awfoto.nl
Shorttrackers Sjinkie Knegt fan Bantegea en Daan Breeuwsma fan Akkrum binne nei harren heale finaleticket op 1500 meter by it EK shorttrack yn Dordrecht no ek wis fan de kwartfinale op de 500 meter. Knegt wûn freedtemiddei syn heat en Breeuwsma moast allinnich Olympysk kampioen Viktor An út Ruslân foargean litte.
Sneon wurde de kwartfinales, heale finales en finale op de 500 meter en de heale finale en finale op de 1500 meter ferriden. De manlju ride freedtemiddei ek nog harren heats op de 1000 meter en op de ôflossing.