Plysje wol ynbrekkers opspoare mei help fan kentekenkontrôle

23 jan 2015 - 15:48
  • File (argyffoto)

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn op ferskate plakken 7000 auto's kontrolearre mei help fan it kentekensysteem ANPR. De aksje wie foaral bedoeld om ynbrekkers op te spoaren.

By de aksje binne trije auto's yn beslach naam, benammen foar in belestingskuld. Der is foar 6000 euro oan net betelle boetes ynbard. Fierders waarden trettjin bekeurings útskreaun foar ferskate ferkearsoertrêdings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)