Rie kriget nij doarpshûs sûnder gymnastykseal

Rie krijt wol in nij doarpshûs, mar gjin nij gymnastyklokaal. Dat hat de gemeenteried fan Frjentsjeradiel besletten. Ynwenners woene in nij multyfunksjoneel sintrum mei in gymseal, mar de gemeente fynt dat te djoer. De gemeente frege de doarpsbewenners yn 2012 noch om in plan mei gymnastyklokaal te ûntwikkeljen. Dat komt der dus net.
It nije doarpshûs moat seis ton kostje. De gemeente nimt de helte dêrfan foar syn rekken. It doarp ferwachtet ek noch jild fan de provinsje en út ferskate fûnsen te krijen