Fallyt swimbad De Lemmer yn oare hannen

23 jan 2015 - 13:46
  • Swimbad Nij Sudersé

Swimbad Ny Sudersé op 'e Lemmer makket in trochstart. Akwaak Zwemscholen nimt de eksploitaasje oer fan de eardere eksploitant Anneke Hulshoff. It swimbad waard yn desimber fallyt ferklearre, om't Hulshoff tonnen oan skulden hie by eigener Gert Jan Mondeel.

Akwaak nimt de fyftjin meiwurkers yn prinsipe oer. Neffens Jelle Rozema fan Akwaak wurde de prizen foar de swimlessen wol wat heger, mar krije de minsken der mear foar werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)