Nije eigeners presintearje plannen foar Sionsberg

23 jan 2015 - 11:37
  • De nije eigeners en de kuratoaren presintearje trochstartplan De Sionsberg

ZuidOostzorg, DC Klinieken en Cardiologie Centrum sille yn Dokkum in soarchsintrum opsette as trochstart fan sikehûs De Sionsberg. Dat hawwe de nije eigeners en de kuratoaren fan it sikehûs freedtemoarn bekend makke yn Dokkum.

Neffens de inisjatyfnimmers is Dokkum mei it saneamde Sionsberg 2.0 klear foar takomstige soarchfragen. Yn it diagnostysksintrum is plak foar röntgenûndersyk, bloedûndersyk, echografy en MRI- en CT-scanning. Foar DC Klinieken is De Sionsberg it trettjinde sikehûs.

Yn it nije soarchsintrum komme hûndert folsleine banen beskikber. Dat is in tredde fan wat der yn 'e âlde Sionsberg foar it fallisemint oan wurk wie. It sikehûs giet takom moandei wer iepen, mar dan sil noch lang net oeral wurke wurde. Moandei begjinne 35 wurknimmers wer mei wurkjen. De Friesland Zorgverzekeraar hat in kontrakt foar fiif jier tekene mei de trije partijen dy't in trochstart fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum meitsje.


Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)