Kaarten Cambuur-Hearrenfean foar Fean-fans útferkocht

23 jan 2015 - 10:41

SC Hearrenfean hat alle kaarten foar de útwedstriid tsjin SC Cambuur ferkocht. De twadde Fryske twastriid fan dit seizoen is op snein 15 febrewaris yn Ljouwert. De supporters fan SC Hearrenfean meie allinnich mei in buskomby nei de wedstriid ta.

De kaartferkeap foar de Ljouwerter fans set moandei útein. De online-kaartferkeap begjint om 10 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)