Jildautomaten net byfolle fanwege aksje Brink's

23 jan 2015 - 10:33

De sechstich meiwurkers fan jildtransporteur Brink's yn Drachten fiere freed aksje. Se nimme it stokje fan de lanlike estafette-staking oer. Jildautomaten fan banken yn Fryslân, Grinslân en Drinte wurde net byfolle. Brink's hellet it jild fan winkels wol op, om't oars de feiligens yn gefaar komt.

Brink's is mei de Rabobank in grutte klant kwytrekke en wol dat it transportbedriuw dat it jild foar de bank no ferfiere sil, in diel fan de Brink's-meiwurkers oernimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)