Studinten komme yn aksje foar bern mei in beheining

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
In oantal studinten fan de Hegere Hotelskoalle fan Ljouwert freget freed mei in aksje omtinken foar bern mei in beheining. Sy dogge dat troch harsels acht oeren lang op te sluten yn in lyts berneboartershûs yn it sintrum fan Drachten.
Mei dizze aksje wolle de studinten jild ophelje foar de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach. Troch harsels op te sluten wolle se sjen litte hoe't bern mei in beheining har fiele as der gjin oanpaste fasiliteiten op har fakânsjebestimming binne.