Friezen betinke yn Westerbork moard op Joadske slachtoffers

Ferskate Friezen wurkje yn betinkingssintrum Westerbork de kommende dagen mei oan de bysûndere betinking fan 102.000 omkommen Joadske Nederlanners. Takom tiisdei is it 70 jier lyn dat ferneatigingskamp Auschwitz befrijd waard.
Oer de hiele wrâld wurdt op dy dei de moard op 6 miljoen Joaden betocht. Yn Westerbork wurde tusken tongersdeitejûn en tiisdeitemiddei -dei en nacht- de nammen fan alle 102.000 Joadske Nederlanners foarlêzen.
Freedtemoarn tusken 10.00 en 10.50 oere sil in groep learlingen fan it Stellingwerf College út Easterwâlde nammen foarlêze fan Joadske slachtoffers. Moandeitemoarn sil Hannah Hein-Van der Hoek tusken 08.10 en 08.20 nammen oplêze. Hein is foarsitter fan de Progressief Joodse Gemeente Noord Nederland. Sy fynt it wichtich dat jong en âld ek hjoed-de-dei noch de betinking mei-inoar belibje.