Crone: "Gjin radikale jongeren yn Fryslân"
Der is op dit stuit gjin oanlieding foar soargen oer radikale jongeren yn Ljouwert of Fryslân. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Oant no ta is der gjin yndikaasje dat jihadisme hjir echt spilet. Crone reagearret op útlittings fan boargemaster Schneiders fan Haarlem út namme fan it genoatskip fan boargemasters.
Schneiders fynt dat gemeenten harren kennis diele moatte oer de opspoaring en oanpak fan jihadisten. Crone fynt dat in goede saak. Mar oant no ta binne hjir gjin jongeren oantroffen dy't it radikale paad opgong binne.