Skeelerjen de oplossing foar minne plakken yn Alvestêdetocht

Skeelerjen kin de oplossing wêze as it knypt by de Alvestêdetocht. Neffens Evert Wilstra fan Bakkefean, inisjatyfnimmer fan de Bartlehiemskeelertocht en sels Alvestêdetochtrider, kin by need in part fan de Alvestêdetocht op skeelers ôflein wurde.
Dat soe dan allinnich op plakken moatte dêr't net riden wurde kin om't it iis net sterk genôch is. Dizze plakken moatte boppedat te lang wêze om te klunen. De toerriders soene dan de skeelers sels meinimme moatte. Of se krije de skeelers by de minne plakken oanrikt troch assistinten.