"Ofslútdyk moat oantrekliker wurde foar toeristen"

22 jan 2015 - 13:54

Der moat folle mear dien wurde om de Ofslútdyk oantreklik te meitsjen foar toeristen. Dat is de konklúzje fan in rapport dat tongersdeitemiddei presintearre is. Der is ûndersyk dien nei de winsken fan toeristen dy't nei de Ofslútdyk komme.

Der binne al plannen om de dyk oantrekliker te meitsjen. Sa wurde der miljoenen ynvestearre yn bygelyks in nij besikerssintrum by Koarnwertersân. No komme der elk jier sa'n 300.000 besikers nei de Ofslútdyk. Yn de rin fan dit jier wurde de plannen definityf fêststeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)