Fryslân moat kulinêre fakânsjebestimming wurde

22 jan 2015 - 12:51

De titel Haadstêd fan de Smaak moat Fryslân definityf op de kaart sette as kulinêre fakânsjebestimming. De organisaasje fan it evenemint hopet op tûzenen besikers fan bûten Fryslân, dy't spesjaal foar it evenemint nei ús provinsje komme.

Ljouwert is dit jier Haadstêd fan de Smaak mei ferskate aktiviteiten dy't mei lekker iten te krijen hawwe. De start is op 13 febrewaris yn it Frysk Natoermuseum. Dêr kinne bern yn in spesjale útstalling sjen wêr't it iten no krekt wei komt.

De eveneminten fan Haadstêd fan de Smaak fine net allinnich plak yn Ljouwert. Ek op oare plakken yn de provinsje binne aktiviteiten. Mar it swiertepunt leit dochs yn Ljouwert. De gemeente sjocht Haadstêd fan de Smaak as in soart fan generale repetysje foar Kulturele Haadstêd, dat yn 2018 plakfynt yn Ljouwert en de rest fan Fryslân.

De Ljouwerter hoareka-ûndernimmers tinke flink profitearje te kinnen fan Haadstêd fan de Smaak. Sa wurde foodbloggers út hiel it lân útnoege om oer de Ljouwerter restaurants te skriuwen en wurdt der in grut Ljouwerter diner organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)