WTC Expo komt mei grutte evenemintebeurs foar toeristen

It WTC Expo yn Ljouwert wol yn july en augustus in grut, permanint evenemint foar toeristen opsette. De simmermoannen binne no in stille perioade foar it beurzekompleks en dêr moat feroaring yn komme, seit direkteur Jan Spoelstra.
Neffens Spoelstra is it tige wichtich om ek bûten de grutte beurzen as de Caravana en Boot Holland minsken nei Ljouwert te heljen. It doel is om mei it nije evenemint toeristen út it hiele lân te lûken. Op dit stuit wurde der plannen makke. Takom jier simmer moat de nije Fryske toeristyske beurs in feit wêze.