Ljouwerter fernielt rút en scooter yn Pelikaanstrjitte

22 jan 2015 - 11:11

In 40-jierrige man út Ljouwert is woansdeitejûn oanholden foar fernielings yn syn wenplak. De man smiet in stien troch it rút fan in gebou oan de Pelikaanstrjitte. Dêrby fernielde er boppedat in scooter. De fertochte koe rap oanholden wurde en is meinaam nei it buro. Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)