Kampearbeurs yn WTC Expo yn Ljouwert

22 jan 2015 - 08:32

De grutste kampearbeurs fan Nederlân, de Caravana, begjint tongersdei yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Der stean rom 400 ekspsosanten en de beurs lûkt jierliks mear as 50.000 besikers. De Caravana stiet dit jier hielendal yn it teken fan it winterkampearjen en de Alvestêdetocht. Dêrmei moat it kampearjen yn de winterperioade in ympuls krije.

Freed sille 20 campers de Alvestêdetocht ride om oandacht te freegjen foar it winterkampearjen. De Caravana duorret noch oant en mei tiisdei 27 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)