Fytser swier ferwûne by ûngelok Feankleaster

© Jan Beets
Op de Kleasterwei yn Feankleaster is woansdeitejûn in 31-jierrige man út Kollumersweach swier ferwûne rekke. It slachtoffer waard op syn fyts oanriden troch in auto. De 21-jierrige bestjoerder fan de auto út De Westereen ferlear dêrnei de macht oer it stjoer en botste tsjin in beam.
De automobilist kaam mei de skrik frij, mar de fytser smakte hurd op de dyk. It slachtoffer is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De bestjoerder fan de auto hie gjin alkohol dronken.