Plan foar behâld De Stelp op It Amelân

Op It Amelân wol in groep soarchferlieners âldereinsintrum De Stelp oernimme. De Stelp stiet yn it sintrum fan it doarp Hollum en hat 45 keamers. Troch it fallisemint fan Soarchgroep Pasana is de takomst fan it soarchsintrum ûnwis.
Der is no in plan op it eilân makke troch twa fysioterapeuten, in húsdokter, in soarchmanager en de groep Piet IJnsen, om De Stelp te behâlden foar It Amelân.