Red de Sionsberg: "Bernedokter sneuvele yn plan Sionsberg"

21 jan 2015 - 22:19

De bernedoktor is út de plannen foar it nije Sionsberg helle. Dat seit aksjegroep Red de Sionsberg. De bernegenêskunde siet noch wol yn it plan dat ôfrûne sneon troch de hiele streek stipe waard. No't de kontrakten mei de soarchfersekerders ûndertekene binne, is dit ûnderdiel neffens de aksjegroep sneuvele.

De aksjegroep is poer en begrypt der neat fan, om't it neffens har foldie oan de rânebetingsten dy't steld binne oan de takomstplannen foar de Sionsberg.

Soarchfersekerder De Friesland wol hjir ynhâldlik net op reagearje en ferwiist nei de parsekonferinsje fan takom freed oer de nije plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)