Fries om utens krijt boete foar filmjen mei drone

21 jan 2015 - 21:48
  • In drone

Fries om utens Jelte Keur hat in boete fan 350 euro krigen foar it meitsjen fan bylden fan de Utrechter Domtoer mei syn drone. Dat meldt de NOS. Keur krige de boete om't syn drone yn de beboude kom fleach, wylst it apparaat net goed sichtber wie yn dampige waarsomstannichheden. Keur hie earst tastimming freegje moatten.

It filmke dat yn novimber foarich jier makke is, waard op YouTube in grut sukses. Dêryn is de Domtoer yn tichte mist te sjen. Neist in boete hat it filmke him koartlyn ek noch in priis oplevere foar bêste dronefilm fan 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)