BakkerBio út Muntsjesyl wint ynnovaasjepriis op Biobeurs

Biologysk lânboubedriuw Bakker fan Muntsjesyl hat woansdeitejûn op de biobeurs yn Swolle de ynnovaasjepriis wûn foar har biologyske wize fan buorkjen. De biobeurs is de nasjonale fakbeurs foar minsken dy't har dwaande hâlde mei duorsum en biologysk iten en de teelt dêrfan.
Ekowinkel Helder fan De Lemmer wie nominearre as bêste biologyske winkel fan Fryslân, mar seach de titel fan bêste Nederlânske biowinkel nei in ûndernimmer út Wyk by Duurstede gean.