Learlingbemiddelers op Nordwin College blike suksesfol

21 jan 2015 - 20:42

It projekt mei learlingbemiddelers op it Nordwin College yn Ljouwert dat no sa'n 4 jier rint blykt suksesfol. Dat stelt sosjaal dekaan Jaap Cuperus. Learlingbemiddelers binne learlingen dy't bemiddelje as der konflikten op skoalle tusken learlingen binne.

It is in metoade dy't út Amearika komt en ek yn Nederlân op hieltyd mear skoallen ynfierd wurdt. It Nordwin College yn Ljouwert wurket al sa'n fjouwer jier mei learlingbemiddelers en de resultaten binne posityf, seit Cuperus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)