Mei helikopter socht nei Gert-Jan Luimstra by Koatstertille

Gert-Jan Luimstra
Der is woansdeitemiddei mei in helikopter by Koatstertille socht nei de fermiste Gert-Jan Luimstra fan Snits. De plysje krige in melding dat Luimstra sjoen wêze soe yn de buert fan natoergebiet De Hege Bulten by Droegeham. Luimstra wurdt al in skoft fermist, mar waard koartlyn noch yn Surhústerfean sinjalearre.
De plysje begûn de syktocht woansdei mei in plysjewein, mar sette letter dochs in helikopter yn om mei waarmtebylden fierder te sykjen. De plysje lit witte dat de syktocht gjin resultaat oplevere hat.