Nije foarsitter MKB-Noord: Fryslân is 'MKB-freonlik'

Gerard Kremer, de nije foarsitter fan MKB-Noord, neamt Fryslân in 'MKB-freonlike provinsje'. Dat sei Kremer woansdei yn Grins op it ôfskie fan syn foargongster Riek Siertsema. Mei it nije ynvestearringsprogramma 'Wurkje foar Fryslân', dat bedoeld is foar it MKB, rint Fryslân neffens Kremer foarop. Kremer is sels inisjatyfnimmer fan NL Investeert en spesjalisearre yn it regeljen fan alternative finansiering foar bedriuwen, no't dy dreech by banken te krijen is.
De ûnderfinings fan MKB-Noord mei 'Wurkje foar Fryslân' binne posityf, seit er.
Kremer is der dan ek fan oertsjûge dat it programma nei ferrin fan tiid banen opsmyt. No al effekten beneame is dreech, omdat it programma dêrfoar noch te koart bestiet.
Der is lykwols ek krityk. Guon ûndernimmers fine it dreech om de subsydzje oan te freegjen en de provinsje safier te krijen dat der ek echt útbetelle wurdt, mar MKB en de provinsje hawwe geregeld kontakt oer mooglike tûkelteammen. MKB-Noord hopet dan ek dat it ynvestearringsprogramma ek de kommende kolleezjeperioade bestean bliuwt.