Plan foar rûnwei by Warns moat der yn 2016 lizze

21 jan 2015 - 16:40
  • Warns

Yn 2016 moat der in plan lizze foar in rûnwei om Warns hinne. De Steaten fine unanym dat der sa gau as mooglik in oplossing komme moat foar de ferkearsdruk dêr. De trochgeande dyk rint dwers troch it doarp, lâns in skoalle en in doarpshûs. Dy situaasje is net winsklik sa, fine de Steaten.

Al langer wurdt praat oer in oplossing. Der is allinnich gjin jild foar. Deputearre Poepjes sil no yn oparbeidzjen mei de gemeente Súdwest-Fryslân ûndersykje wat der mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)