Wetter yn de yndustryhaven yn Harns is skjin

21 jan 2015 - 15:31
  • De haven fan Harns

It wetter yn de Industriehaven yn Harns is skjin. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rykswettersteat. Dy hat sels ûndersyk dien nei de kwaliteit fan it wetter, nei't út ûndersyk fan it buro Toxicowatch bliken die dat der saneamde oestrogene stoffen yn it wetter sitte soene.

Rykswettersteat hat op fiif plakken yn de haven wettermeunsters naam en dy ûndersykje litten troch BDS Laborities, itselde laboratoarium dat ek de meunsters fan Toxicowatch ûndersocht. Ut it nije ûndersyk docht bliken dat it wetter út Harns oan alle noarmen foldocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)