Ljouwerter bestjoerder pear kear yn de fout

© ANP
Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitenacht in 26-jierrige Ljouwerter oanhâlden om't er gefaarlik ried. De automobilist ried sûnder ljocht en doe't de plysje him in stopteken joech, ried er hurd fuort. De plysje koe him letter klemride. It die bliken dat er gjin jildich rydbewiis hie. By syn oanhâlding fersette er him bot. Der is in bloedproef ôfnaam om't de man mooglik ûnder ynfloed fan drugs wêze soe.