Hotel De Oorsprong yn Sint-Nyk is fallyt

21 jan 2015 - 12:21

Hotel De Oorsprong by Sint-Nyk is fallyt ferklearre. Oarsaak binne in belestingskuld en in hierachterstân. It bedriuw makke neffens kurator Rimar Goudberg wol in lytse winst, mar dat wie te min om de skulden betelje te kinnen. Boppedat ûntbruts jild foar ynvestearrings yn it gebou.

Foar de seis fêste meiwurkers en acht opropkrêften is ûntslach oanfrege. Neffens de kurator is de kâns op in trochstart fan it hotel oanwêzich, de earste kandidaat hat him al melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)