NAM wol ekstra boarje nei gas by Moddergat

Wylst troch ierdbevings yn Grinslân de gasboarring dêr ôfnimt, wurdt yn Moddergat de produksje krekt opskroeve. Ekstra boarrings moatte oardel miljard kúb gas opsmite. Dêr is wol in nije put foar nedich. De NAM is al dwaande mei de tariedings en yn de rin fan dit jier komt der in boartoer te stean op it plak dêr't no ek al gas wûn wurdt.
De minsken yn de omkriten binne dêr net allegear like gelokkich mei. Biteboer Douwe Anema hat syn lân boppe de gasbel. Syn pleats fersakket. Hy wol de boarrings oanfjochtsje by it Europeeske Hôf.