Auto yn sleat; frou wachtet op dak op help

21 jan 2015 - 09:38

Helptsjinsten ha woansdeitemoarn yn Wytmarsum in frou fan it dak fan in auto helle. De frou rekke mei har auto yn it wetter by de Hemerterleane. Se koe sels út de auto komme, mar omdat it wetter fan de Harnzerfeart sa'n 10 oant 15 meter breed is, koe se net sels de wâl berikke.

Neidat se fan it dak helle wie, is de frou út foarsoarch nei it sikehûs brocht. Se is nei alle gedachten wat ûnderkuolle rekke.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Wytmarsum sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)