De Lemmer: 35 oertrêdings by kontrôle fytsferljochting

De plysje hat tiisdeitejûn op 'e Lemmer de ferljochting fan hast 200 fytsen kontrolearre. Fiifentritich fytsers hienen gjin goeie ferljochting. Sy koenen kieze foar in boete fan 55 euro of it oanskaffen fan fytslampkes foar in bedrach fan twa euro. Alle fytsers keazen foar dat lêste, sa meldt de buertagint op Twitter. De kontrôle waard hâlden yn gearwurking mei it fytsersbûn.