Bestriding muskusrotten yn Fryslân giet poerbêst

Yn Fryslân giet it poerbêst mei de bestriding fan de muskusrôt. En de problemen dy't de rôt feroarsaket binne ûnder kontrôle. Dat seit Jappie Nagelhout, muskusrottefanger fan Wetterskip Fryslân yn reaksje op de nijste sifers fan de Uny fan Wetterskippen.
Yn Fryslân waarden ferline jier in lytse 2800 rotten fongen, sa'n 40 prosint minder as it jier dêrfoar. Tsien jier lyn waarden der noch 30.000 rotten yn it jier fongen. De delgong giet hjir folle hurder as it lanlik gemiddelde fan 3 prosint.
Wichtichste oarsaak foar it sukses yn Fryslân is de pykbestriding seit Nagelhout. Dat betsjut dat der in soad fangers tagelyk ynset wurde yn in gebiet dêr't in soad rotten sitte. By it wetterskip binne 42 rottebestriders aktyf.