Skries docht it wol goed by greidefûgelboeren

By de greidefûgelboeren yn Fryslân wie 2014 in goed jier foar de skries. Dit yn tsjinstelling ta de lanlike telling fan de Fûgelbeskerming. Dy praat fan in dramatysk jier. Om de skriezestân stabyl te hâlden moatte der alle jierren 10.000 jonge fûgels by komme. Dat is ferline jier net slagge; doe binne der noch gjin 5.000 pykjes bykaam. Dat komt troch it waarme foarjier; moai waar betsjut dat de boeren faak meane kinne, en dat is desastreus foar de greidefûgels.
Mar by de Fryske greidefûgelboeren gie it goed, want dy meane net foar 15 juny.
Dat jout greidefûgels de kâns om te brieden en de piken krije de tiid om grut te wurden. Bygelyks op it lân fan boer Murk Nijdam yn Wommels, dêr binne ferline jier 125 skriezepearen teld en 64 piken út it aai kaam.