Twadde Keamer sil dochs prate oer mûzeskea

20 jan 2015 - 17:01

De Haachske polityk sil him dochs bûge oer de mûzeskea yn Fryslân. Der wie gjin mearderheid foar it hâlden fan in apart keamerdebat, mar ferskate partijen wolle it mûzeprobleem woansdei oan de oarder stelle by de al plande kommisjegearkomste mei steatssiktaris Sharon Dijksma.

Ek komt der op in letter tiidstip noch in saneamd 30-lededebat. De ChistenUnie frege om in keamerdebat oer de mûzeskea. Foar in plenêr keamerdebat wie ûnfoldwaande stipe. Wannear't it 30-lededebat plakfynt is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)