Njoggen banen fuort by suvelfabryk Gerkeskleaster

© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
By FrieslandCampina yn Gerkeskleaster ferdwine njoggen fan de 135 wurkplakken. By de weropbou fan it fabryk, dat yn july folslein ôfbaarnde, wurdt in soad automatisearre. Dêrtroch is minder personiel nedich. De meiwurkers binne tiisdei op de hichte brocht. Der is in sosjaal plan opsteld foar de minsken dy't dien krije.
It nije fabryk en pakhûs fan FrieslandCampina moatte yn novimber fan dit jier klear wêze.