Himpplantaazje mei 119 himpplanten oprôle yn Haulerwyk

Himpkwekerij © ANP
De plysje hat in man út Haulerwyk oanholden fanwege it produsearjen fan softdrugs en it stellen fan elektrisiteit. De plysjes kamen de man op it spoar tanksij in anonime melding en eigen ûndersyk. Yn syn hûs waarden 119 himpplanten oantroffen. Ek tape de man yllegaal elektrisiteit.
De himpplanten en al it guod dat de man brûkte by de produksje fan softdrugs is troch de plysje yn beslach nommen. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.
De plysje is fan doel om de striid tsjin himpplantaazjes dit jier troch te setten. Himpplantaazjes binne neffens de plysje gefaarlik foar de omjouwing. Troch de himp, jild en alle apparatuer yn beslach te nimmen bringe je de kriminelen in slach ta, sa seit de plysje.