Produksje Molkwarder koeke ferhuzet nei De Jouwer

20 jan 2015 - 15:34

De produksje fan Molkwarder koeke ferhuzet nei De Jouwer. Om troch te groeien is der yn Molkwar te min romte foar de bakkerij. Op De Jouwer wurdt yntusken hurd wurke oan de nije bakkerij. Fan moandei 2 febrewaris ôf moat de Molkwarder koeke dêr út 'e oven komme. De namme fan de Molkwarder koeke bliuwt gewoan itselde.

Trochdat de bakkerij nei in grutter gebou giet, lizze der ek mooglikheden om de produksje te ferheegjen, sa lit direkteur Folkert Reitsema witte.

Trefwurden: 
bakkerij Molkwar koeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)