ChristenUnie freget keamerdebat oan oer mûzepleach

20 jan 2015 - 13:02
  • Ek by Koufurderrige is de mûzeskea grut

Steatssiktaris Dijksma fan ekonomyske saken moat sa gau mooglik fertelle hoe't se de skea troch de mûzepleach yn Fryslân oanpakke sil. De fraksje fan de ChristenUnie yn de Twadde Keamer wol dêr mei har oer yn debat. De provinsje Fryslân kin dit probleem mei 75 miljoen skea foar de boeren, troch mûzen dy't it lân ferrinnewearje, net allinne oan, seit keamerlid Carla Dik.

De ChristenUnie is fan betinken dat Dijksma 'mear har best' dwaan moat foar de boeren mei mûzeskea.

Neffens frou Dik is it probleem mooglik slimmer wurden, omdat Dijksma ferline jier de boeren net tastie om har skansearre lân te frezen en opnij yn te siedzjen. Sy is dêrom fan betinken dat de steatssiktaris yn gearwurking mei boeren en provinsje in oplossing betinke moat. It Ryk soe yn alle gefallen boeren dy't troch de mûzeskea oer de kop driigje te gean te mjitte komme moatte, is de ChristenUnie fan betinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)