Opnamen 'Gevangenkoor' Blokhúspoarte op 'e lappen kaam

20 jan 2015 - 12:44

De stichting Blokhuispoort hat in bysûnder stik skiednis fan de finzenis oan de samling taheakke. It giet om opnamen fan it finzeniskoar, dêr't yn de jierren '40 en '50 fan de foarige ieu 165 finzenen lid fan wiene. Ek de dirigint wie in finzene. De stichting Blokhuispoort hat tsien koaropnamen op lytse grammofoanplaatsjes krigen fan de pakesizzer fan âld-direkteur A.B.R. Jansen.

Jansen wie in direkteur dy't in protte bysûndere aktiviteiten die mei de bewenners fan de Blokhúspoarte.

It koar gie der sels wol op út om optredens te jaan yn de provinsje. De Stichting Blokhuispoort is tige wiis mei de fynst. Se hoopje troch de publikaasje fan de opnamen mear te witten te kommen fan de koarleden, want hokker nammen dêr krekt by hearre is noch ûnbekend. In part fan de lieten is te hearren op de website fan de Blokhúspoarte.

blokhuispoort.nl/gevangenkoor

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)