Man bedriget frou mei mes yn Camminghabuorren

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitejûn in Ljouwerter (46) oanholden omdat er in frou (44) út itselde plak mei in mes bedrige hawwe soe. Dat barde yn de wenning fan de frou yn de wyk Camminghabuorren. Doe't de plysje by de wenning kaam, wie de man al útnaaid.
Hy koe efkes letter yn 'e buert fan syn eigen hûs oanhâlden wurde. It mes is yn beslach naam. De man sit noch fêst op it buro yn ôfwachting fan it ûndersyk.