Harnzer oanhâlden foar 17 wenningynbraken

20 jan 2015 - 10:45
  • Ynbraak

De plysje hat moandei in Harnzer (22) oanholden op fertinking fan de 17 wenningynbraken yn Harns, Frjentsjer, Snits en Boalsert. De Harnzer is de fyfde fertochte dy't oppakt is foar de ynbraken. Hy sit fêst op it buro en wurdt heard troch de resjerzje.

Yn desimber 2014 waard yn dit ûndersyk al in oare Harnzer (23) oanholden. Hy sit noch fêst. Begjin dit jier pakte de plysje in frou (25) út Boalsert en twa Harnzer manlju fan 20 en 21 jier op as fertochten foar de searje ynbraken. Dit trijetal is yntusken wer frijlitten, mar bliuwt fertocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)