Jild stellen by bedriuw yn Minnertsgea

20 jan 2015 - 10:35

By in bedriuw yn Minnertsgea is yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen. De dieder of dieders kamen it bedriuw oan de Ferniawei yn troch in doar iepen te brekken. De manlju hawwe besocht om ek de klûs iepen te brekken, mar dat slagge net.

De ynbrekkers namen it laad út de kassa mei jild en al mei. In 63-jierrige ynwenner fan Minnertsgea hat oanjefte fan de ynbraak dien.

Trefwurden: 
ynbraak oanjefte Minnertsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)