Lettere kontrôles op te rap farren binne gjin probleem

20 jan 2015 - 06:45

Minister Schultz van Haegen foarsjocht gjin problemen mei it útstellen fan ekstra kontrôles op boaten dy't te rap farre op de Waadsee. Dat antwurde se op fragen fan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA. De ekstra kontrôles op te hurd farren begjinne pas nei 4 febrewaris.

De beheining op de farsnelheid waard ynsteld om't rekreaasjeboatsjes in soad lêst hienen fan de weachslach fan it beropsfrachtferkear. Minister Schultz jout lykwols oan dat de rekreaasjefeart pas letter dit jier útein set en ferwachtet dêrom foarearst gjin problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)