Sealen Schaaf bliuwt oant en mei 2018 iepen

19 jan 2015 - 22:41
  • Sealesintrum Schaaf

Sealen Schaaf yn Ljouwert bliuwt oant en mei 2018 iepen. It tal konserten dat oant ien oere yn de nacht duorret, wurdt beheind ta fjirtich. Oare aktiviteiten moatte om alve oere jûns dien wêze. It is in kompromis fan de kolleezjepartijen PvdA, CDA en PAL GrienLinks mei stipe fan de VVD. De ried wol sa temjitte komme oan de klachten fan omwenners oer oerlêst.

De ried stimde moandei yn mei de werynrjochting fan it Speelmanskwartier. De buert moat opknapt wurde en moat sa wer oantreklik wurde om yn te wenjen en te wurkjen.

De ûndernimmers dy't aktyf binne yn Schaaf hawwe mingde gefoelens oer it beslút. Festivalorganisator Bianca Wijnsma seit bliid te wêzen mei de 40 wykeinen, mar stelt oan de oare kant dat der fan echte oerlêst kwalik sprake wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)